Terug/Home/Webwinkel ramsj.nl /Literatuur & thrillers/Poëzie/Stienkeal
Yn de yntime bondel ‘Stienkeal’ sjocht Elmar Kuiper mei in skerp each werom. It keal stiet foar de jeugd, mar ek foar dea, pine en ûnbegryp. Mei ynmoed skriuwt de dichter oer syn jeugd, syn heit en it wurk as broeder yn ‘e psychiatry. Hy ferpleatst him yn ‘e wrâld fan in geastlik sike en sjocht út in oar perspektyf wei nei de werklikheid. De fersen binne skreaun yn in taal dy’t assosjatyf, waarm, byldzjend en hiel persoanlik is, en tsjûgje fan eigensinnigens en lef.
Gerelateerde producten
literatuur & thrillers

Tjitte Piebenga
Sammele wurk
Tjitte Piebenga (1935-2007) wie ien fan de wichtichste Fryske modern-klassike skriuwers, sawol fan proaza as fan poëzij. Syn wurk hat boppedat bûten-literêre betsjutting mei't hy as earste yn Nederlân de tematyk fan 'bern fan in foute heit' nei foaren brocht. Piebenga wie in tige produktyf skriuwer. Fan it proaza is al it yn boekfoarm publisearre literêre wurk yn dizze boks mei 'Sammele wurk' opnaam, plus de ferhalen dy't Piebenga nei 1970 skreau en dy't foar in grut part yn literêre tydskriften publisearre waarden. Fan it poëtysk oeuvre binne behalve de publisearre fersebondels ek de bondels opnommen dy't Piebenga yn eigen behear útjûn hat, de fersen dy't yn tydskriften ferskynd binne en de noch net earder publisearre fersen.literatuur & thrillers

Eppie Dam
Fallend Ljocht
der siet al kop yn myn gedichten doe't de holle noch gjin punt wie as wie ik harsenûnnoazel en koe it broaze fan tinken wol ha Ofbrek en ferlies fan krusiale funksjes bepale it earste skift fan dizze bondel. Yn it twadde lûkt de dichter de line troch nei it ôfbroazeljen fân âlde godshuzen, en tagelyk fan it wurd dat oait betsjutting hie. Dêrnei blêdet er yn in boek mei fergiele portretten: bylden fan minsken dy't spoaren neilieten, en de nammen dy't him berikten yn wite keferten. 'De dood is reusachtig en onbegrijpelijk', dichte Csezlaw Milosz yn syn Theologische traktaat, dêr't Eppie Dam njoggentjin fersen fan oersette. Yntusken giet it slûpspoar fan de slak streekrjocht nei de blomkoal ta. (...) al krûpend witst dyn doel al, eagen op stâltsjes, de stikeme noas fan de lânferkenner - en as ik even net sjoch, bist fierder as ik tocht. (út 'Oan de slak yn myn tún')literatuur & thrillers
