Terug/Home/Webwinkel ramsj.nl /Friestalig/In nije stjer
De mûs hat in nije stjer oan de himel ûntdutsen. Dat betsjut dat der in wûnder barre sil! Miskien giet it wol om it berntsje út Bethlehem dêr’t de wizen út it easten nei sykje! As de bisten dat hearre, wolle se allegear mei op reis. Ek bisten dy’t inoar gewoanwei net goed ferdrage kinne, lykas de ûle, de wolf en de slang. ‘In nije stjer’ is in poëtysk krystferhaal dat gaadlik is om mei de bêrn te lêzen.
Gerelateerde producten
kinder- & jeugdboeken

de Roos
De skippers fan de Kameleon
Hylke en Sytse binne de twaling fan smid Klinkhamer. Harren doarp leit oan in grutte mar en de jonges sjogge faak jaloersk nei alle moaie boaten dy't dêr farre. Mar ja, in eigen boat sit dêr net yn. Op in dei wurdt der in konfoai troch de feart achter it hûs fan 'e Klinkhamers treaun en de opdrukker dêrfan rekket pal achter de smidderij stikken. Om't it boatsje al sa âld is, wol de eigner der eins daliks wol fan ôf en sa krije de jonges dochs noch samar in eige boat. Net lang dernei riidt de dokter mei de auto yn 'e sleat. De twaling krijt it autowrak fan de dokter kado. De jonges slope de motor derút en montearje dy yn harren boat. Hylke en Sytse hawwe no in boat mei in sterke motor. Mar dy boat moat ek noch in namme hawwe ...kinder- & jeugdboeken

de Roos
De Kameleon stek fan wal
Yn it doarp dêr't Hylke en Sytse Klinkhamer wenje, bart fan alles. Sa rydt Kees mei in selsmakke sylwein it wetter yn; it is mar goed dat Hylke en Sytse der mei de Kameleon gau by binne. Fjildwachter Zwart krijt wer in soad te dwaan, want der ferdwine samar ynienen in soad dingen út it doarp. Binne der miskien dieven by de kampearders of is Gerben Zonderland, de supergrappemaker, dwaande elk foar it lapke te hâlden? Zwart fermoedet it ien en oar, en ek Hylke en Sytse sille der mei de Kameleon op út om te sykjen...kinder- & jeugdboeken
